Wyk mei lânskiplik karakter mei moai útsicht oer de Fryske greiden

8 september '20

Taede Yntema wennet tegearre mei syn frou en twa bern al trije jier mei wille yn de Alvestêdewyk. Foardat Taede en syn frou in wenning kochten yn ‘e Alvestêdewyk, wennen hja al yn Frjentsjer. “In aardige stêd, dy’t allegear gemak levert.” Hja wennen yn it sintrum, mar de foarkar foar Taede en syn frou gie út nei in nijbouwenning. Hy woe graach sels de ynstallaasje oanlizze en alles fan a oant z ynfolje.

Taede Yntema gezin

Gearhing in de neibouwyk

Neffens Taede is de Alvestêdewyk in echte nijbouwyk mei ferskillend oanbod, sawol yn de frije sektor as serie konstruksje. “De wyk hat in lânskiplik karakter mei moai útsicht oer de Fryske greiden.” Yn ‘e simmer, wannear elkenien bûten yn de tún dwaande is, is der in soad kontakt mei de buorlje. “Tegearre mei de oare jonge famyljes besykjen wy de wyk der netsjes út te litte sjen.” Om’t de wyk noch foar in diel yn oanbou is, is elkenien entûsjast om der wat moais fan te meitsjen. “Gearhing is wichtich yn de buert.” Dêrnjonken is de lizzing fan de Alvestêdewyk neffens Taede unyk: nei it sintrum fan Frjentsjer en dochs hearlik lanlik mei prachtich útsjocht!

image alt

Duorsum hûs snel levere

Taede jout foar syn wurk advizen op it gebiet fan duorsumens. It duorsume karakter fan in nijbouwenning luts Taede dan ek slim oan. “Neibou wurdt tsjintwurdich goed isolearre.” Njonken in goede isolaasje, hat Taede de wenning ôfmakke mei sinnepanelen en in waarmtepomp. Ek is de wenning gasleas boud, wylst datstoe't noch net ferplichte wie.

Op it momint fan keapje fan de wenning, wenne Taede mei syn famylje yn in hierwenning yn Frjentsjer. Hja koene hjirtroch fluch beslute en skeakelje. “Wy hawwe ús ynskreaun op ús favorite wenning en krigen dizze ek tawiisd!” Koart dêrnei begon de bou. It kontakt mei de makelder en oannimmer fûn Taede ek noflik ferrûn. De wenning is op tiid levere om't de oannimmer him hold oan de makke ôfspraken. “Wy hawwe derfoar keazen om alles ridlik keal op te litte leverje, sadat ik alles sels ôf koe meitsje.”

Sels wenjen in de Alvestêdewyk?

Asto op syk bist nei in wenning oan it wetter, yn de natuer en dochs nei it sintrum, is de Alvestêdewyk it perfekte plak! “It is nijbou, mar omdat elke strjitte by levering direkt oanklaaid wurdt, wennest do hjir net yn in bou site” De dream fan Taede en syn buertbewenners is mear boartsertúnen yn de wyk foar bern. En hooplik op termyn in skoalle. “Dat soe fantastysk wêze!”

Taede Yntema gezin
Aanbod Zie jij jezelf hier wonen?
Visie Voorbereid op de toekomst