Yn de simmer mei boatsjes it wetter op en de bern swimme dan gewoan yn ‘e sleat
10 juni '20
Peter Brander is ien fan de earste, grutske bewenners fan de Alvestêdewyk. Hy wennet der sûnt jannewaris 2009 mei-inoar mei syn frou. Syn twa bern (8 en 10) syn berne en tein ‘Alvestêdewikers’. “Toevallig binne wy troud op de dei dat de earste peal fan ús wenning slein werd,” neffens Peter.

In grutske Frysk yn Frjentsjer
Peter is sels berne en teien yn Frjentsjer. “Ik fyn it in noflike en moaie stêd mei alle nedige foarsjenningen om de hoek.” Fia syn wurk by in boubedriuw kaam hy yn oanrekking mei it earste projekt fan de Alvestêdewyk. Ek syn frou wie entûsjast! No wenjen hja op ien fan de moaiste plakjes yn de Alvestêdewyk, mei prachtich útsicht oer de greiden. Fanút de wenkeamer kinne hja in pear doarpen fier sjen. Ek leit in grut diel fan it projekt oan it wetter. “Do sjocht minsken mei boatsjes it wetter op gean en as it waarm is, swimme de bern gewoan yn ‘e sleat.”
De Alvestêdewyk is moai en rom opset. Ek beskikke de wenningen oer in noflike yndieling. De wyk leit omjouwing riek oan natuer, mei greiden fol lytste fûgels en in soad wetter. Dochs is it sintrum fan Frjentsjer binnen berik. Yn de Alvestêdewyk wenjen in soad jonge famyljes, wêrfan in soad fan de bern hjir berne syn. “Wy hawwe in soad aardich kontakt mei de buorlju en eins mei de hiele buert.” Hja hâlde sels in jierlikse barbecue mei de buorlju fan de Reid- en Lanenbuert.

Duorsumens fan doe en no
Om't Peter it projekt, de makelder en notaris koe, wie it oankeapproses fan de wenning net hiel yngewikkeld. “Krekt nei wy ús hantekening hiene set, gie de bou fan start.” Peter hat de wenning casco op litte leverje, dus de measte yngewikkelde saken hie hy yn eigen hân. It duorsum meitsjen wêr tsjintwurdich in soad op ynspile wurdt, wie yn 2008 noch net oan de oarder. “Toen wy ús hûs kochten, hie nimmen it noch oer gasloos libje.” Peter hat syn wenning wol goed litte isolearje
De takomst fan de Alvestêdewyk
Peter hopet dat de wyk mei in pear jier hielendal klear is. “Dêr binne wy nei alve jier wol oan ta.” Ek stiet de útwurking fan in nije boarterstún foar de jongere bern op de planning en de bewenners fan de wyk winsken in strân. “Er wurdt no ûndersocht of dat foarm kin krije, de romte is der wol.”
In tip fan Peter: “Kom benammen lekker lâns en petearje mei de bewenners, dy kinne dy alles oer de wyk fertelle.” Benammen yn de simmer sjochsto in soad benijde potinsjele, nije bewenners in rûntsje fytse troch de wyk. “Ik wenje hjir mei in hiele soad wille en wol hjir nea mear wei.”
