Op syk nei in hûs dat al ôf wie

3 november '20

Marco en syn frou Riemke fiele sich echte bewenners van Frjentsjer. “Wy binne teien yn Frjentsjer.” Hja binne yn 2017 yn de Alvestêdewyk yn Frjentsjer komme wenjen. Hjir wenjen hja no tegjearre mei har twa bern Niels en Hidde. Hja wenjen as gesin mei in soad wille yn de Reidbuert. Marco is slim belutsen by de ûntwikkeling fan de Alvestêdewyk. Hy is foarsitter fan de Brede buertferthintwurdiging. Dizze stifting behertiget de belangen fan de bewenners fan de Alvestêdewyk. Hja oerlizze in soad mei de gemeente De Waadhoeke en de projektûntwikkeler BPD.

Marco Boonstra gezin

Fan besteande bou nei nijbou

Yn augustus 2016 hawwe Marco en Riemke har earder (t)hús ferkocht. “Wy binne dyne't nei nijbou gean sjen. Wu sochten in hûs dat ôf wie” Der wiene meardere belangstellenden foar de wenning wêr sy har each ek op hiene litte falle, mar gelokkich waarden sy de nije eigeners fan it hûs!

It trajekt fan oankeap en ynrochtsje wie oangenaam. Hja sjoche werom op in goede ûnderfining mei de oannimmer Boubedriuw Van Marrum. It hûs waard fluch oplevere. In tip fan Marco is dy goed litte advisearje troch hjoeddeistige bewenners. “Bring gerêst in besite oan de wyk en lit dy ynformearje troch dyn potinsjele nije buorlju”

image alt

Noflike bannen yn in volksbuert

De Alvestêdewyk leit neast de binnensted, do fytst sa de binnensted fan Frjentsjer binnen. It moaie oan de lokaasje is datsto njonken de fine lokaasje ek in breed útsicht hast. “Dat jout in frij gefoel, mar do hast dochs alle foarsjenningen beskikber.” Yn de buert sjochsto in soad bewenners dy't yn deselde faze fan ‘t ljibben binne. Sa rún de 40 jier, al dan net mei bern. “It fielt as in volksbuert, wy binne frij close mei elkoar.”

Duorsume takomst

It duorsume karakter fan de wenning spile wilens de oankeap noch gjin grutte rol foar Marco en Riemke. It wie mear in finansjele konsideraasje om yn duorsumens te ynvestearje. “Sa kinsto bygelyks mei sinnepanelen in soad foardiel boeken op dyn enerzjykosten.”

De takomst fan de Alvestêdewyk sjocht Marco benammen foar him mei goede foarsjenningen foar de jongerein. De wyk mei wat him giet noch wat mear oanklaaid wurde, sadat nije keapers oer de streep lutsen wurde. It liket him ek aardich om wat te gean plannen mei de buertbewenners: “In nasjonale dei foar de buorlju mei in grutte opkomst liket my prachtich!”

Marco Boonstra gezin
Ontdek Rietbuurt Proef de sfeer
Interesse Zie jij jezelf hier wonen?