De distrikten fan Alvestêdewyk
Op fytsôfstân fan it histoaryske sintrum fan Frjentsjer wurdt de nijbouwyk Alvestêdewyk boud. De Alvestêdewyk leit oan de súdkant fan de stêd Frjentsjer, krekt efter it stasjon. De wyk is omjûn mei wetter en jout dy in prachtich útsicht oer de Fryske lannen. Op dit momint lizze der noch genôch kânsen foar ferskillende wenprodukten yn de wyk. Grien en duorsum wenjen, en wêr nedich ek noch ris libbensbestindich. Dêr gean wy foar!
Minsken mei ferskillende húsfesting easken kinne yn de Alvestêdewyk goed byinoar wenje. Wy wolle in ferskaat oan nijbou wenprodukten oanbieden, mar passend by de fraach fan takomstige bewenners. De wiken dy no yn ûntjouwing syn, binne de Lanenbuert en Reidbuert.
Lanenbuert

Reidbuert

De Alvestêdewyk sil út meardere wiken of buerten gean bestean. In wyk dy't al yn ûntjouwing is, is de Lanenbuert. Dizze buert hat in griene útstrieling, mei lange strjitten. De wyk grinst oan in prachtiche beam greide, dy't it griene uterlik allinne mar fersterket. De buert hat in fertroude útstrieling, troch de besteande gebouwen oan de noardkant. De wenningen fan faze 1 yn de Lanenbuert wurde hieltyd mear wenklear makke. Fielsto foar grien?
Hâlsto fan wetter en wolsto it leafst in eigen boat efter dyn hûs? Dan is de Reidbuert mear wat foar dy! De Reidbuert bestiet út grutte skiereilannen mei romme kavels wêrfan eftertúnen grinzen oan it wetter. Faze 2 fan de Rietbuurt is by folslein yn ûntjouwing.
As (takomstige) bewenner fan de Reidbuert komsto te wenjen yn in natuerlike omjouwing. Do bist omjûn troch grien en wetter, nettsjinsteande dat it in nij gebiet is. Bern kinne der hearlik boartsje en troch de romte en weidshyd kinsto genietsje fan it bútenljibben. It is der fyn bljiuwen.
Moai wenjen!
Yn de Alvestêdewyk wenjen meastentiids jonge famyljes, mar elkenien is wolkom! De jierlikse buertbarbecue stiet foar dizze simmer alwer op de planning. Mei moai waar binne in soad minsken yn harren tún te finen of op it wetter. Der is in soad kontakt mei de buorlju op de buert. De bern kinne hearlik boartsje yn de ferskillende boarterstunen. Mei waarm waar swimme hja sels yn de sleat!