Tûke stêd

Frjentsjer is rún 800 nei Chr. ûntstean. De namme fan Frjentsjer is ôfkomstich fan “Froon-acker”, wat lân fan de hear/kening betsjut. De âldste strjitte yn de stêd hyt noch hieltyd Froonacker! Frjentsjer like itsels efkes te ûntwikkelen as haadstêd fan Fryslân, mar waard oerweldige troch Ljouwert.

Yn 1585 krige Frjentsjer, as twadde stêd yn Nederlân, in universiteit. Ien fan de studinten wie prins Willem IV. Yn 1811 liet Napoleon de universiteit sluten. Nettsjinsteande dat de stêd net mear oer in universiteit beskikt, fine der sa no en dan noch akademyske promoasjes plak. Promovendi fan de Ryksuniversiteit yn Grins dy’t promovere op in ûnderwerp dat mei Fryslân te meitsjen hat, of dy in bân mei Fryslân hawwe, meie harren proefskrift yn de Frjentsjer Martinitsjerke ferdigenje.

Do sjochts noch in soad fan de histoarje fan Frjentsjer werom yn de gebouwen dy't der stean. Sa is it Stedhûs út 1591 yn de renêssânsestyl in moai foarbyld. Oare ryksmonuminten binne it Planetarium, Camminghahûs, Klaarkampster Weeshûs en bygelyks it Dekemahûs.

Wist je dat?

.....de resten van de bloeistengel en pluim van het riet nog maandenlang zichtbaar blijven. Soms zelfs tot in het voorjaar.

Nieuwbouw in Franeker Nijbou yn Frjenstjer
Onze kijk op Elfstedenwijk ús fisy op de Alvestêdewyk