
Frjentsjer
“Frjentsjer, de stjer fan de Alve stêden!” In stêd dy goed is foar ûntspanning, refleksje en ynspiraasje. De bewenners binne der sober, mar gastfrij. Do kinst de romte opsykje op it wetter yn en om Frjentsjer, of yn it bysûnder de geselligens yn de histoaryske binnenstêd. Do fynst yn dizze karakterstêd in daagliks diel lyts (of grut) lok. Ûntdek it sels!
Frjentsjer is mei omtrint 13.000 ynwenners ien fan de grutste stêden yn Fryslân. Dochs docht it doarps oan: groatjse inoar op strjitte, strune troch de sfearfolle winkelstrjitten, of mei dyn fuotten yn de Fryske klaai. Kies derfoar om rinnend, fytsend of farrend de hoarizon temjitte te gean yn it Fryske lân.
Njonken it goed bekende, alle jierren weromkommende PC Keatstoernoai, is Frjentsjer bekend troch de Alvestêdetocht. De omtrint 200 kilometer lange reedriderstocht oer natoeriis rint troch alve stêden yn Fryslân, wêrfan Frjentsjer de tsiende stêd is. Nei 129 kilometer reedride, flak foar it barre stik rjochting Dokkum, komme de reedriders Frjentsjer binnen. Nettsjinsteande dat it iis it de ôfrûne jierren net talitten hat, baarnt it hert fan de ynwenners fan Frjentsjer noch fjoerig foar de Tocht der Tochten!
Ynspirearre op de Alvestêdetocht, ûntwikkelen wy de Alvestêdewyk krekt bûten it historysk sintrum fan Frjentsjer.