Alvestêdewyk maklik tagonklik

Frjentsjer is goed berikber mei de auto, de bus of sels mei de trein. It is boppedat in stopplak foar fytsers, kuierders en leafhawwers van farren: wat foar elkenien!

Oan it stedssintrum fan Frjentsjer

De Alvestêdewyk leit oan de súdkant fan Frjentsjer, krekt efter it stasjon. Asto faak of graach mei de trein reizget, is de lizzing fan de Alvestêdewyk dus ideaal! Ek foar farleafhawwer is de lokaasje fan de Alvestêdewyk perfekt, om't de wyk omjún is troch wetter. Do farrest of fytst maklik nei de histoaryske binnensted! Mei de fyts kinsto gebrûk meitsjen fan de koartlyn iepene fytstunnel ûnder it spoar troch. Do bist dan yn in pear minuten yn it sintrum fan Frjentsjer!

De friese polders

Yn 'e Fryske regio

Mei de auto is de Alvestêdewyk goed berikber fia de Tzummerwei. Fia dyselde Tzummerwei werom rysto fia de N384 binnen tsien minuten de A31 op. Sa binne de plakken yn it noarden fan Nederlân maklik tagonklik.

Nieuwbouw in Franeker Nijbou yn Frjenstjer
Vlak bij de binnenstad Tichtby it stedssintrum